Boatfeest Smellingerlân mei wol

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten wite net wat se oan moatte mei in nije trend: feesten op it wetter. Hieltyd faker komme der fergunningoanfragen foar boatfeesten binnen. Wûnseradiel is op de feesten tsjin en wol in algemien ferbod.
Mar Smellingerlân jout júst wol tastimming foar in boatfeest foar sa'n hûndert minsken dit wykein. As boatfeesten in raazje wurde, dan liket it hast ûnûntkomber dat der regionale rjochtlinen komme.