Nije rubberboat Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
De Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij, de KNRM, hat op Skiermûntseach de beskikking krigen oer in nije rubberboat. De boat is in skinking fan jonkhear Van Holte en hat de namme fan syn heit krigen: 'Edzard Jacob'.
De rubberboat kin tolve minsken herbergje. De Edzard Jacob ferfangt de lytsere rubberboat 'De Tonijn', dêr't fiif minsken ynkoene.