Museum Appelskea wol wer iepen

© Omrop Fryslân
De histoaryske feriening Appelskea is wer drok dwaande mei de weropbou fan har museumke en kolleksje. Foarich jier baarnde it gebou fan de feriening ôf en gong in skat oan materiaal ferlern. De befolking hat de feriening al wer oan in soad guod en ark holpen.
Oer in pear moanne wol de feriening it museum weriepenje. Fan it Frysk Museum yn Ljouwert hopet de feriening noch de âlde doar fan de Appelskeaster smidderij te krijen.