Stroomsteuring yn Camminghaburen

06 mrt 2004 - 00:00

Hûnderten húshâldings yn Camminghaburen ha sneon in pear oeren gjin stroom hân. Troch koartsluting yn in kabel wie fral it noardlike part fan de Ljouwerter wyk de dupe. Oan it ein fan de moarn wie de steuring lokalisearre.

Essent krige in soad telefoantjes fan minsken om't de stedsferwaarming it net die. It winkelsintrum, de tennishal en swimbad It Kealledykje hienen ek lêst fan de steuring om't se gjin elektrisiteit brûke koenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)