Flyers ferlearen yn Tilburg
De Formido Flyers ha freed mei 4-3 de twadde wedstriid yn de play-off searje ferlern fan De Trappers yn Tilburg. De perioadestannen wienen 1-1, 1-1 en 2-1. Marco Postma skoarde ien kear en Erik Landman twa kear. De stân yn de best of five is no 1-1. Sneon steane beide ploegen wer tsjin elkoar, no yn Thialf.
De play-offs geane om in plak yn de finale. De oare twa heale finalisten binne de Amsterdam Bulldogs en de Ruijters Geleen.
Trefwurden:
argyf