Fiskers wolle wol saneare

05 mrt 2004 - 00:00

Goed 40 prosint fan de Iselmarfiskers wol meiwurkje oan in sanearing. Dat docht bliken út in enkête fan it Nederlânsk fiskersbûn ûnder 83 Iselmarfiskers.

De fiskers sjogge gjin oare oplossing omdat der hieltyd minder fisk fongen wurdt. Ien fan de oarsaken is neffens sekretaris Berends it tanimmen fan it tal ielguozzen. Dy beskerme fûgels ite in soad fisk op. It fiskersbûn praat mei it ministearje oer in sanearing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)