Proef heroïne foar ferslaafden

05 mrt 2004 - 00:00

Ljouwert moat fergees heroïne jaan oan ferslaafden. De VVD-fraksje freget dêrom. In mearderheid fan de Twadde Keamer is foar it jaan fan de harddrugs op medysk advys. Yn in pear grutte stêden bart dit al, mei sukses.

Yn in brief oan B en W freget de VVD wêrom't Ljouwert noch net meidocht oan sa'n proef. In grut tal partijen yn de ried is foar it eksperimint. De kriminaliteit nimt ek ôf as ferslaafden net mear hoege te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)