Flappie moat werom nei de natuer

© Omrop Fryslân
It haske Flappie mei net langer by frou Poortman yn Grou wenje. De AID hat dat witte litten. Hûn Tosca hie it bist goed twa wiken lyn fongen. Der wie oanjefte dien om't de hazze yn finzenskip grutbrocht wurdt. Neffens de AID kin it bist dan net mear werom nei de natuer.
De hazze soe freed nei it opfangsintrum yn Oerterp brocht wurde, mar hy is ûntsnapt. Frou Poortman begrypt net wêrom't Flappie fuort moast.