Sulver yn Frysk Museum

© Omrop Fryslân
De sulverkolleksje fan it Frysk Museum is nei goed twa jier wer te sjen. It giet om hûndert stiks tafelsulver. Dêr sitte in tal topstikken fan it museum by lykas in seldsume gurdel mei twa heaken, kettinkjes en in bysûndere saneamde Avondmaalschotel.
It Frysk Museum yn Ljouwert hat nei it Ryksmusum yn Amsterdam de grutste kolleksje sulverwurk. De útstalling is te sjen oant en mei desimber takom jier.