Tunnel ferfangt pont by Langwar

05 mrt 2004 - 00:00

Under de Langwarderfeart komt mooglik in tunnel foar fytsers en auto's. Dat plan hat it kolleezje fan Skarsterlân. De measte Langwarders wolle it pontsje wol opjaan. Boppedat is de 4,8 miljoen euro foar de tunnel op 'e lange doer goedkeaper as de pont.

Toeristen en boeren binne minder bliid mei it ferdwinen fan it pontsje. Boeren kinne net mei traktors troch de tunnel. Dat soe oplost wurde moatte troch grûnruil. It beslút falt meikoarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)