Gedrachskoade natuer ôfpraat

© Omrop Fryslân
Fûgels en planten wurde yn de maaitiid mei rêst litten. Ferskate organisaasjes ha de gedrachskoade 'soarchfâldich boskbehear' ôfpraat.
Steatsboskbehear, Natuermonuminten, de Fûgelbeskerming en it Boskskip sille fan 15 maart oant en mei 15 july gjin fersteurende wurksumheden yn de bosk dwaan. Houtútride mei mar oant 15 april. It ministearje stipet de gedrachskoade dy't oanslút by de Floara- en Faunawet.