Brânbrief oer OZB nei Keamer

05 mrt 2004 - 00:00

Ljouwert hat in brânbrief nei de Twadde Keamer stjoerd oer de gefolgen fan it ôfskaffen fan de ûnreplik guod belesting foar de gemeente. In part fan de OZB wurdt troch it kabinet ôfskaft en it part fan de lokale belesting dat wol bliuwt, wurdt oan in maksimum bûn. Dat kin de stêd tusken de 5 en 10 miljoen euro kostje.

Neffens B en W kin de stêd dat net misse. Mei it brief hopet it kolleezje it kabinet op oare gedachten te brengen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)