PvdA: 'Sosjale makeler nedich'

05 mrt 2004 - 00:00

Der moat in sosjale makeler komme yn Ljouwert. Dat fynt de fraksje fan de PvdA. De amtner moat by minsken thús saken útlizze. Bygelyks om wurkleazen of allochtoanen te wizen op it rjocht fan in útkearing.

Soms witte minsken net wêr't se rjocht op ha. Yn guon gefallen kin it de minsken 300 euro yn de moanne skele. Dat is goed foar de ponge fan it ryk, mar min foar de útkearingslûker. Dit seit gemeenteriedslid Jan van Olfen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)