Lasershield yn ferkear strafber

04 mrt 2004 - 00:00

It hawwen en brûken fan in lasershield yn de auto om snelheidskontrôles te hinderjen is strafber. De rjochtbank yn Ljouwert feroardiele tongersdei in automobilist dy't syn saneamde laser- echo bewust brûkte om de laserkontrôle fan de plysje te ûntwiken.

De rjochter lei in boete op fan 225 euro. De man moat it apparaat ôfstean. Fan 14 automobilisten stiet net fêst dat se de laserecho bewust brûkten foar de kontrôle. Sy binne frijsprutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)