600 fans by lêste konsert Kast

© Omrop Fryslân
De Kast lit by it ôfskiedskonsert yn Riis mar 600 fans ta. By it iepeningskonsert yn 2003 koenen noch 1400 minsken wêze. It moat neffens sjonger Jan Tekstra op 4 july noch yntimer wurde as it earste konsert yn Riis. It konsert is benammen bedoeld foar de fêste fanklubleden en oare trouwe fans.
Tekstra slút net út dat er yn de takomst wer muyzk meitsje sil mei de oare Kast-leden.