De Deur yn Skrânstsjerke

04 mrt 2004 - 00:00

Evangelyske gemeente De Deur yn Ljouwert hat wer in gearkomsteromte. In pear moannen lyn waard de tsjerkeseal oan de Foarstreek sletten op lêst fan de brânwacht.

Nei't de mienskip elkoar moete yn oare tsjerken, buerthuzen en skoalgebouwen is oan de Skrâns in nije tsjerke fûn. Kommend wykein nimt de evangelyske gemeente it gebou feestlik yn gebrûk. Dat bart mei in praisejûn, ferskate tsjinsten en spesjale sprekkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)