Harnzer bosk mei kapt wurde

© Omrop Fryslân
It Harnzer bosk mei omkapt wurde, sa hat de rjochter tongersdei besletten. It Harnzer bosk is in beammerige by de sportfjilden yn Harns. De gemeente wol dêr in dyk oanlizze dy't it wurkferkear foar nijbou út de wenwiken hâldt. De omwenners wiene dêr op tsjin en sleepten de gemeente foar de rjochter.
De rjochter bepaalde no dat de beammen kapt wurde meie. Foar de bewenners hâlde de aksjes no op. Se ha de boarge- master lokwinske mei de oerwinning.