Asbest gemeentehûs Easterwâlde

© Omrop Fryslân
Yn it gemeentehûs fan Eastellingwerf yn Easterwâlde is by de ferwaarmings- tsjettel asbest fûn. De romte is ôfsletten en wurdt oer 2 wike troch saakkundigen skjinmakke. De meiwurkers binne op 'e hichte brocht troch de Arbo-tsjinst, mar rinne gjin gefaar.
De ûntdekking past de gemeente min want it pân is ferkocht oan in sûnens- sintrum. De gemeente ferhuzet oer in pear moanne nei it nije kantoar. It âlde is 25 jier brûkt.