Biblioteek Drachten te lyts

03 mrt 2004 - 00:00

De biblioteek fan Drachten foldocht net oan de easken fan de Arbowet. Sa sit de ûnderste planke fan de boekekast te leech by de grûn en binne de personielsrûmten te krap. De biblioteek wol graach ferbouwe en hat grutte plannen.

De boeke-útlien soe feroarje moatte yn in 'beleef-biblioteek'. Dat kin net op de hjoeddeistige lokaasje. De gemeente Smellingerlân wol lykwols gjin jild útjaan foar ferhuzing nei in oar plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)