Botsing op Wâldwei troch mist

03 mrt 2004 - 00:00

By in kettingbotsing woansdeitemoarn op de Wâldwei binne tusken Garyp en Himriksein seis auto's by-elkoar opbotst. Oarsaak wie in tige pleatslike mistbank.

In frachtauto ried in persoane-auto fan achteren oan. Dêr achter rieden nochris fjouwer auto's op elkoar. By de oanridings wie allinnich materiële skea. Om de ravaazje oprêde te kinnen hie Rykswettersteat de Wâldwei in skoft ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)