Máxima op wurkbesite yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Prinsesse Máxima hat woansdei in wurkbesite oan Thússoarch Súdwest- Fryslân brocht. Se hat dêr ûnder oare mei in kliïnt praat dy't troch thússoarch langer thús wenje kin. Ek hat se iten mei it personiel.
De prinsesse wie ûnder de yndruk fan it feit dat de Thússoarch Súdwest-Fryslân al fiif jier achter inoar gjin wachtlist hat. Oan 'e ein fan de middei krige Máxima in rûnlieding troch ferpleechhûs Ielânen yn Snits.