Sinnepanelen foar 12 doarpshuzen

03 mrt 2004 - 00:00

Tolve doarpshuzen yn Fryslân krije in sinnesintrale op it dak. De doarpshuzen hiene har oanmeld foar sinnepanele-aksje fan de stifting Samenwerking Dorpshuizen Fryslân yn gearwurking mei enerzjybedriuw Nuon.

Ofpraat wie dat de bestjoeren fan de doarpshuzen ôfnimmers fan natuerstroom werve soene. Yn ruil dêrfoar stelde Nuon sinnepanelen ta beskikking. Troch de aksje binne úteinlik 1400 minsken oerstapt op natuerstroom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)