Undúdlike takomst swimbaden

03 mrt 2004 - 00:00

It is noch lang net dúdlik hoe't it fierder moat mei de swimbaden yn East- stellingwerf. De gemeenteried moast tiisdei beslute oer it foech dat in ynterimbestjoer krije moat. Mar de politisy koene it net oer iens wurde.

In pear wike lyn stapte it âlde bestjoer fan de St. Zwembaden Oost- stellingwerf op. It bestjoer hie te krijen mei hieltyd gruttere tekoarten, wylst de gemeente in beslút oer ekstra jild hieltyd wer foar him útskode.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)