Tulp nei Piet Paulusma neamd

© Omrop Fryslân
By de blommewinkel kin mooglik yn de takomst in boskje Piet Paulusma-tulpen kocht wurde. It bestjoer fan de Winter Middenflora Westfriesland hat de Fryske waarman frege oft der in tulp nei him ferneamd wurde mei.
Op dit stuit wurdt in gaadlike tulp útsocht dy't nije wike op in útstalling presintearre wurde sil. Oare bekende Nederlanners dêr't in tulp nei ferneamd is, binne ûnder oaren Freddie Heineken, Atsje Keulen en prinses Margriet.