Gjin rektifikaasje foar Dijkstra

© Omrop Fryslân
Rektifikaasje en ekskuzes fan de Nieuwe Ooststellingwerver. Dat easke Dijkstra fan Haulerwyk foar de rjochtbank. Yn jannewaris waard er oppakt foar moard op kroechbaas Werkman fan De Haule. Unterjochte. De krante skreau oer him en pleatste in foto fan syn hûs.
Dijkstra fielt him skeind. De krante wol gjin rektifikaasje. De rjochter riedt beide partijen oan te praten. Komme se der net út, docht de rjochter oer trije wiken útspraak.