Wurkjouwer slachtoffer warskôge

02 mrt 2004 - 00:00

De wurkjouwer fan de strjitmakker dy't ferline jier om it libben kaam, wurdt net ferfolge. De Arbeidsynspeksje hat de saak ûndersocht. Net ien is eksplisyt skuldich oan it ûngelok. De wurkjouwer krige wol in warskôging.

De man (21) út Koatstertille waard oanriden troch in trein by Drylts wylst er oan it straten wie. Hy ferstoar yn it sikehûs. Nei oerlis tusken justysje en neibesteanden is keazen net in strafrjochtlike proseduere te begjinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)