Sonac stjonkt minder

02 mrt 2004 - 00:00

Sonac yn Burgum stjonkt minder. De oerlêst fan it destruksjebedriuw is ferline jier mei mear as de helte ôfnommen. It ferwurkjen fan kadavers is binnen it fabryk goed te rûken, mar ek bûten oant yn Burgum en Sumar ta.

Troch parten fan deade bisten better te skieden, lykas bloed, fearren en hier, is de oerlêst beheind. Dat docht bliken út in testpanel. It fabryk sil mei eksterne partijen wurkje om de stankoerlêst noch mear te beheinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)