Ein oan stipe asylsikers

02 mrt 2004 - 00:00

Wûnseradiel ropt útprosedearre asylsikers op har frijwillich oan te melden by de Ymmigraasjetsjinst as skrinend gefal. De gemeente hopet sa dat se mooglik dochs bliuwe meie. Yn Wytmarsum wenje tritich asylsikers dy't útprosedearre binne.

De gemeente hâldt op mei stipe oan de Flechtlingesoarch Wûnseradiel. B en W hâlde har oan it útsetbelied fan it regear. It yllegaal ûnderdûken fan asylsikers stipet de gemeente net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)