'Skoalle goed foar leefberens'

02 mrt 2004 - 00:00

Lytsere doarpen moatte in basisskoalle hâlde. Bern út de hegere groepen kinne better nei in gruttere skoalle yn de buert. Dat fynt Keamerlid Rendert Algra (CDA). In skoalle foar de jongste bern is goed foar de leefberheid yn in lyts doarp.

Algra giet minder fier as De Jonge. De boargemaster fan It Hearrenfean woe skoallen yn lytse doarpen oerbringe nei gruttere plakken. Algra prate moandei op in gearkomste fan CDA Wûnseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)