Jong Cambuur pakt Jong Emmen yn

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandei wûn mei 0-4 tsjin Jong Emmen. It Ljouwerter belofteteam hat him dêrmei wer oansletten by de kopgroep yn de reserve earste divyzje A.
Troch goed wurk fan de Emmense keeper Reijs, bleau de skea foar de Drinten beheind. Al foar rêst krige Cambuur trije skoarekânsen. Dy kearde Reijs op. Nei it skoft makken Peter Buise, Rocky Siberie, Steven Lier en ynfaller Ruben Paulo Moreno doelpunten foar Cambuur.