Oerol yn Niemandsland

© Omrop Fryslân
It Oerol Festival ferkent dizze simmer de grinzen fan Niemandsland. Dat is moandei bekendmakke. Yn de 23e edysje fan it kultureel festival op Skylge steane it stellen en ferfagen fan grinzen sintraal. Oerol duorret dit jier fan 11 oant en mei 20 juny.
Dit jier is dûns in wichtich part fan it programma. Op strjitte en lokaasje binne ynternasjonale dûnsfoarstellings te sjen. It lokaasjeteater bliuwt lykwols it hert fan it festival.