Steaten wurde Frysk Parlemint

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten fan Fryslân krije in nije namme. Nei mear as 500 jier wurdt de namme wizige yn Frysk Parlemint. Dat stiet yn it nije kommunikaasjeplan fan de Fryske Steaten. It giet om in idee fan de FNP.
De FNP wol mei de wiziging berikke dat de boargers de polityk better witte te finen. Ek soe de namme better klinke. Ynhâldlik feroaret der neat, it giet allinnich om in imagoferbettering. Yn Gelderlân sit al in Gelders Parlemint.