Mear feilichheid op NHL

01 mrt 2004 - 00:00

De feilichheid op de NHL, de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert sil yngripend ferbettere wurde. De skoalle wol yn de nijbou fan de kenniskampus deteksjepoartsjes pleatse, in paskesysteem ynfiere en ien sintrale yngong meitsje.

Ien fan de redenen is it grutte tal lytse msidriuwen dat plakfynt op de skoalle. Sa wurde geregeld beurzen út tassen stellen en binne der ek wol kompjûters meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)