Op kampanje foar CDA-foarsitter

01 mrt 2004 - 00:00

Foar it earst sil kampanje fierd wurde by de ferkiezing fan in nije foarsitter fan it CDA-gewest Fryslân. Op dit stuit binne der fiif oant tsien kandidaten foar dy post. Op advys fan in fertrouwenskommisje kiest it algemien bestjoer dêr twa kandidaten út.

Dy twa kandidaten moatte op kampanje om de 6300 CDA-leden fan har kandidatuer te oertsjûgjen. Fryslân is it tredde CDA-gewest dêr't dat op dizze wize bart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)