Strjitrôverijen yn Ljouwert

01 mrt 2004 - 00:00

In 38-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak bestellen fan syn fyts. Twa manlju trapen him op it Noardfliet fan syn fyts en bedrigen him mei in mes. Se naaiden út mei syn fyts.

In 19-jierrige Boksumer is sneintenacht bestellen fan syn beurs. dat barde yn de Minnemastrjitte yn Ljouwert. Twa manlju pakten him fan achteren fêst en sloegen him op 'e holle. Yn de beurs sieten sawat 150 euro en inkele paskes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)