Busreis toeristysk ûndernimmers

© Omrop Fryslân
Toeristysk ûndernimmers yn it Noardwesten fan Fryslân kinne meikoarten har eigen omjouwing sjen troch de eagen fan in toerist. Op 29 maart organisearret it Toeristysk Platfoarm in busekskurzje troch Noardwest-Fryslân.
Undernimmers kinne sa yn de kunde komme mei plakjes dy't se sels ek noch net kinne. Peter Karstkarel wurdt ynhierd as gids. De ûndernimmers gean ûnder oare nei de Hettingaskoalle yn Furdgum.