Omrop Boalsert hâldt stjoertiid

© Omrop Fryslân
De lokale omrop fan Boalsert hâldt, wat de gemeente oanbelanget, rjocht op stjoertiid. De omrop foldocht neffens it kolleezje fan B&W oan alle easken. Neffens de regels fan de Mediawet moat de gemeente ien kear yn de fiif jier besjen oft de lokale omrop noch wol oan de regels foldocht.
Dat is yn 1999 foar it lêst bard. It is benammen wichtich dat der in represintative programmaried is. Neffens B&W is dat it gefal.