NEC - Hearrenfean: 1-2

29 feb 2004 - 00:00

SC Hearrenfean helle sneontejûn yn Nijmegen de tredde oerwinning yn acht dagen. Yn stadion De Goffert waard NEC mei 2-1 ferslein. By it skoft stie de thúsklub noch op foarsprong troch in doelpunt fan Youssouf Hersi yn de 13e minút.

Nei it skoft makken Daniël Berg Hestad en Mika Väyrynen de doelpunten foar Hearrenfean. Foar Foppe de Haan wie dit de 200e oerwinning yn de 19 jier dat er trener is fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)