Yllegaal snoeiwurk stopset

© Omrop Fryslân
Boargemaster Arlman fan Harns en de plysje hawwe de yllegale houtkap oan de súdeastkant fan de stêd sneon stopset. Dat barde nei klachten fan omwenners.
In grut tal minsken tekenje beswier oan tsjin de kapfergunnig fan de beammen en boskjes. De saak leit no ek by de bestjoersrjochter. De rjochter hat de gemeente Harns ferbean om mei de kap te begjinnen, foar't de saak ynhâldlik behannele is. Dat it wurk dochs begûn is, leit oan in kommunikaasjeflater.