'Plan tsjin ûnderwiis-efterstân'

28 feb 2004 - 00:00

De provinsje moat mei skoallen en gemeenten in plan meitsje om de ûnderwiis-efterstannen yn Fryslân fuort te wurkjen. Dat fynt ûndersykster Bernie van Ruijven. Sy sei freedtejûn op de ledegearkomste fan D66 it spitich te finen dat der noch net sa'n plan is.

De ûndersykster kaam ôfrûne hjerst mei in rapport nei bûten. Dêrút die bliken dat Fryske bern, yn ferliking mei bern yn de rest fan Nederlân, in efterstân ha. It giet foaral om rekkenjen en taal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)