Wenje op it wetter

28 feb 2004 - 00:00

It moat in oare foarm fan wenjen wurde: yn in hûs op it wetter. Freedtemiddei kaam in model fan sa'n wenning yn Ljouwert oan. It hûs wie ferfierd oer it wetter. Fan woansdei ôf kinne minsken it hûs besjen op beurs Huis en Tuin yn it FEC.

Ljouwert is de earste stêd yn Nederlân dy't in wyk oanlizze wol mei sokke wenten. De huzen komme yn Suderbuorren, de nijbouwyk oan de súdkant fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)