CDA-Fryslân tsjin besunigingen

28 feb 2004 - 00:00

It CDA yn Fryslân is tsjin ekstra besunigingen troch it eigen kabinet Balkenende. It finansieringstekoart fan Nederlân driget boppe de trije persint út te kommen.

De kabinetspartijen CDA, VVD en D66 ha de ôfspraak dat soks net barre mei. Dus moat der twa miljard euro besunige wurde. Foarsitter Hidde Visser fan it CDA yn Fryslân sjocht dat net sitten. Hy is benaud dat minsken dy't it dochs al dreech ha, troffen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)