Nij tema-tiidskrift 'Doarp'

© Omrop Fryslân
Yn it doarpshûs yn Hitsum wurdt sneon it nije tema-tiidskrift 'Doarp' presintearre. It giet om in útjefte fan de Fryske ûnderwiisynstelling Afûk. Yn it tiidskrift wurdt omtinken jûn oan doarpen yn Fryslân.
Underwerpen binne bygelyks it ferieningslibben, boerinnen, ynternet, dokterswachten en doarpshuzen. 'Doarp' is it sande nûmer yn in rige fan Fryske tema-tiidskriften. Se binne ûnder oare yn biblioteken te krijen.