Nije wenningen yn Kollumersweach

© Omrop Fryslân
Kollumersweach krijt in nij appartemintekompleks. Oan de Foarwei, op it plak fan de eardere garaazje fan Brink, komme 19 soarch- en starterswenningen. It kolleezje fan B&W fan Kollumerlân is dizze wike akkoart gongen mei de bou-oanfraach.
Neffens wethâlder Hogendorp sil it kompleks twa of trije lagen heech wurde. It bouryp meitsjen soe nei de simmerfakânsje begjinne kinne. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean.