Emmen - Cambuur: 2-0

© Omrop Fryslân
Cambuur koe yn de earste helte fan de wedstriid fan freed tsjin Emmen aardich meikomme, mar krige twa minuten yn blessueretiid 1-0 om 'e earen. Fuort nei it skoft makke Emmen der 2-0 fan en joech Cambuur him oer.
Cambuur koe gjin kâns mear kreëarje. Dirk Jan Derksen foel mar twa kear op troch twa kânsen te bedjerren foar Emmen. De earste kâns foar de âld- Cambuurspiler ûntstie troch balferlies fan Veltman op it middenfjild.