Sneonsfuotbal folslein ôflast
Wa't sneon graach in offisjele wedstriid fuotbalje woe yn 'e snie kin dat ferjitte, want de KNVB hat al it amateurfuotbal fan sneon 28 febrewaris definityf ôflast. De maatregel jildt ek foar de haadklasse. De útwedstriid fan Harkemase Boys yn en tsjin Nunspeet giet dan ek net troch.
Hoe't it snein komt is noch net krekt dúdlik. It sneinsfuotbal yn it suden fan Nederlân is wol ôflast, mar dêr is dan ek folle mear snie fallen.