Jeugdparlemint jout 2500 euro út

© Omrop Fryslân
In skriezekaart, in projekt foar broers en susters en it foljen fan lege busstuollen. Dizze en mear útstellen diene de acht kommisjes mei dêryn 100 jongeren freed yn it Frysk Jeugdparlemint. Learlingen fan 9 skoallen fergaderen de ôfrûne dagen yn acht kommisjes oer de foarstellen.
Meiinoar mei it Jeugdparlemint 2500 euro útjaan. Freedtemiddei moasten de knopen trochhakt wurde en dêrfoar waard drok debattearre en ynterrumpearre.