Nije bussen Arriva en Noordned

© Omrop Fryslân
De ferfiersbedriuwen Arriva en Noordned bestelle mei har beiden hast 70 nije bussen by busbouwer Berkhof op It Hearrenfean. De measte nije bussen wurde ynset yn Grinslân en it noarden fan Drinte.
De bestelling is ûnderdiel fan de konsesje dy't Arriva koartlyn krige foar it busferfier yn Grinslân. Yn Fryslân komme ek inkele nije bussen te riden, nammentlik yn it súdeasten en it noardwesten fan de provinsje.