Advokaten oerwage stappen LC

27 feb 2004 - 00:00

De fertochte fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun hat syn advokaat Van der Goot fan it kantoar Anker & Anker opdracht jûn stappen te ûndernimmen tsjin de Ljouwerter Krante.

De LC publisearre tongersdei yn de earste edysje in foto dêr't Simon S. dúdlik op te sjen is. Neffens Hans Anker is Simon S. 'ernstig ontstemd'. Tocht wurdt oer in sivile proseduere, in klacht by de Ried fan Sjoernalistyk of in earnstich petear mei de LC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)