Yllegale froulju yn Snits oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei by in kontrôle yn in seksklup oan de Prins Hendrikkade yn Snits sân froulju oantroffen dy't yllegaal yn ús lân wiene. De plysje hat de froulju opdracht jûn it lân te ferlitten.
De froulju komme û.o. út Roemenië, Bulgarije, Brazilië en Kroatië. De behearder fan de klup hat in warskôging krigen. By in seksklup oan de Singel yn Snits waar ien yllegale frou út Bulgarije oantroffen. Sy is oanholden.